Foto: provinsje Fryslân

Meldpunt Fryske Taal foarsjocht yn ferlet

Oer it Frysk
8 septimber 2022
Friezen binne en bliuwe skerp op it brûken fan it Frysk troch allerhanne ynstânsjes. Dat docht bliken út de opbringst fan it Meldpunt Fryske Taal fan de provinsje Fryslân. Yn de ôfrûne twa jier kamen der 52 meldingen binnen fan net of ferkeard brûken fan it Frysk yn ferskate uteringen. Sa ferskynden de donorfolder en de corona-ynformaasjefolder fan it Ryk yn ferskate talen, útsein it Frysk.

It Meldpunt Fryske Taal gie yn maaie 2020 fan start. Friezen dy ‘t fan betinken binne dat ynformaasje fan oerheden ûnterjochte net yn it Frysk beskikber is, of dat sy behindere wurde yn it brûken fan it Frysk op plakken dêr ‘t se Frysk prate kinne soene, kinne dêr melding fan dwaan.

De measte meldingen dy ‘t binnenkomme, geane oer it net brûken fan it Frysk troch oerheidsorganisaasjes. Dat giet om sawol Fryske oerheidsorganisaasjes as de Ryksoerheid. Ek kamen der meardere meldingen oer ferkeard gebrûk fan it Frysk binnen. Inkelde minsken melden dat se fûnen dat der tefolle Frysk brûkt wurdt.

Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de resultaten: “Wy hawwe mear meldingen krigen as dat wy yn it foar ferwachte hiene en dat betsjut dat Friezen harren taal belangryk fine. Dat is goed om te sjen. We kinne ek konkludearje dat we omtinken freegje bliuwe moatte foar in goed gebrûk fan it Frysk en dêr gean we dus ek mei troch. Wis fan it Ryk meie wy ferwachtsje dat se it Frysk brûke: dêr hawwe wy konkrete ôfspraken oer makke yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. ”

Fan de 52 meldingen wie de helte algemien fan aard, lykas in komplimint of in fraach oer it Frysk. De oare helte gie oer meldingen oer it Ryk (19%), de media (12%), de provinsje (7%), oare oerheden (6%) en de GGD (6%). De measten dêrfan fregen om in ferfolchaksje. De provinsje socht dêrfoar kontakt mei de oanbelangjende ynstânsjes.