Minister Wiersma bringt in besite oan de Westermarskoalle op ‘e Jouwer
De provinsje wurket de kommende jierren mei it projekt Taalplan Frysk 2030 oan it fuortsterkjen fan de Fryske taal yn alle ûnderwiissektoaren. De Westermarskoalle is in basisskoalle en hat sa’n 270 learlingen. 25% fan de learlingen is Frysktalich. De skoalle hat op it stuit in C-profyl. Dat betsjut dat de skoalle no de kearndoelen positive attitude, harkjen, taalbeskôging en praten/yn petear oanbiedt foar it Frysk ûnderwiis. De skoalle wurket no ta nei in taalprofyl B. It Frysk lêzen wurdt dan ek oanbean oan de learlingen. Sa die it team fan de skoalle dit skoaljier mei oan de kursus Klasse Frysk. Dêrneist wurket de skoalle oan taalbelied en hat de skoalle mei de provinsjale subsydzjeregeling Frysk foar no en letter it oanbod Fryske berneboeken útwreide. De subsydzjeregeling is fan hjoed ôf wer iepen foar alle skoallen yn Fryslân.
Minister Wiersma joech earder by de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oan dat hy de Fryske taal foar learlingen in basisfeardicheid fynt. It Ryk soarget de kommende jierren foar finansiering foar de kurrikulumferoaring fan it Frysk en foar leararen yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Minister Dennis Wiersma: “Dat je de Friese taal goed leert, draagt bij aan je basisvaardigheden. Daarom is er extra geld voor zodat scholen in Fryslân met het Fries aan de slag kunnen. De Westermarskoalle in Joure liet me vandaag zien hoe ze lesgeven in het Fries en hoe belangrijk Friese kinderboeken daarbij zijn. Bijvoorbeeld met een les over dino’s, geschiedenisles over Joure en toneelspelen.”
Deputearre Sietske Poepjes: “Taalplan Frysk 2030 is gjin einpunt mar it begjin. Mei it projekt wurdt de basis lein foar materiaal, begelieding en bewustwurding. Mei de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024 – 2028 sette wy yn op in lykweardige bydrage fan Ryk en provinsje foar Frysk yn it ûnderwiis. It Frysk is, as twadde rykstaal fan Nederlân, in basisfeardichheid foar alle bern yn Fryslân. Nederlân fertsjinnet mear Fryslân.
Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.