Foto: Istock

Modellen socht foar kursuskampanje!

Frije tiid
30 maaie 2022
Foar in nije kampanje foar de kursussen fan de Afûk - tink oan byg. in nije kursusbrosjuere en poster, sfearbylden op websites en socials - sykje wy minsken dy't model wêze wolle by ús fotoshoot! Bisto tusken de 18 en 65 jier âld? Hasto altyd al ris model wêze wollen? En bisto beskikber op woansdei 29 juny fan 12.30 oant 17.00 oere op in lokaasje yn Fryslân? Dan komme wy graach mei dy yn ’e kunde!

Do krijst fan ús de reiskosten fergoede, in boekebon kado én in superleuke middei!

Liket it dy aardich om mei te dwaan? Stjoer dan foar 13 juny o.s. in represintative foto mei dyn namme en kontaktgegevens nei kursus@afuk.frl. Op syn lêst 15 juny krigesto dan fierdere ynformaasje fan ús.