Nasjonale Foarlêsdagen 2024

Frije tiid
18 jannewaris 2024
Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Dy binne dit jier fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris. It ‘printeboek fan it jier’ dat mei de Nationale Voorleesdagen sintraal stiet is 'Help! Een verrassing!' fan Miriam Bos. Alle berne-opfanglokaasjes yn Fryslân hawwe fan de Afûk in lesbrief tastjoerd krigen mei dêryn in Fryske oersetting fan dat printeboek. Yn de lesbrief steane fierder ek aardige tips en suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne.

De Nasjonale Foarlêsdagen ha as doel om it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal-)ûntwikkeling fan bern en it prikelet de fantasij. En it is ek nochris hiel gesellich!

Fergees Tomke-boekje by de byb
Yn de biblioteken leit der foar alle pjutten in fergees nij Tomke-boekje klear, ek mei it tema ‘Ferrassing!’. En bern dy’t lid wurde fan de biblioteek (dat is ek fergees foar bern oant 18 jier!) krije dêr dan noch in skattich foks-knuffeltsje by (passend by it printeboek fan it jier). It hiele jier troch kinne âlders en opfieders by de biblioteek terjochte foar ynformaasje oer meartalich grutbringen.

De Fryske lesbrief by it printeboek fan it jier, dy’t nei de pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen stoerd is, is ek digitaal ferskikber fia tomke.frl.

Yn de websjop fan de Afûk fynst ek in kategory Nationale voorleesdagen, mei dêryn 10 moaie (foarlês-)boeketips dy’t passe by it tema fan dit jier: ferrassing.

Foar mear ynformaasje en nijs sjochst op www.hebban.nl/nationalevoorleesdagen.