Omslach De lytse walfisk

Nij by de Afûk: De lytse walfisk

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
25 juny 2020
De kleine walvis van Benji Davies is ûnderwilens in moderne klassiker mei mear as 100.000 ferkochte eksimplaren yn Nederlân en Flaanderen. Dit prachtige printeboek is der no ek yn it Frysk!

De lytse walfisk is in hertferwaarmjend printeboek oer in iensum jonkje en in lytse walfisk dy’t op it strân oanspielt. De auteur, Benji Davies (1980),  skreau en yllustrearre it boek sels. It boek wie yn 2017 printeboek fan it jier. Benji Davies wûn mei De lytse walfisk de Oscar’s First Book Prize (2014).  Yn 2015 wie hij de winner fan de World Illustration Award.

No te keap yn de boekhannel en fansels ek yn ús websjop. By dit boek is ek in moaie lêsbrief makke: Lêsbrief De Kleine Walvis 2020.

Efterkant De lytse walfisk