Nij fan Praat mar Frysk: Fryske ‘wibelders’ foar yn dyn winkel
De wibelders binne te krijen mei de teksten:
Nij!
Oanbieding!
Praat mar Frysk
Frysk is Wolkom
Hjir kinst ek Frysk prate
De wibelders wurde levere ynklusyf befêstigingsmateriaal en binne ienfâldich yn gebrûk. De wibelders binne fergees te bestellen op www.praatmarfrysk.nl/websjop. Wolst mear fan ien bepaalde tekst? Dat kin, stjoer dan efkes in mailtsje mei motivaasje nei: praatmarfrysk@gmail.com.
Stjoer ús in foto fan dyn wibelders
Hawwe de wibelders in plakje by yn de winkel krigen? Lit it ús witte en stjoer ús in berjochtsje mei foto, dan litte wy it wer oan de rest fan de wrâld sjen! Kinst ús fine op Instagram, Facebook en Twitter. Maile nei boppesteand mailadres kin fansels ek!

Foto: Praat mar Frysk