Nij ferskynd by de Afûk: it Letterfretter-kwartet
Boeken fan Fryslan
Frije tiid
Leare & ûnderwiis
Oer it Frysk
31 maaie 2023
Fan it boek De Letterfretter is no ek in kwartet makke. In moai en tagelyk tige learsum spultsje!
De Letterfretter is sljocht op de Fryske lûden (klinkers). Helpsto him om de wurden mei itselde lûd byelkoar te sykjen? Der binne 14 kwartetten te mietsjen fan elk 4 kaarten mei itselde lûd, lykas de ô, de oa, de ea, de ú en de ii. Elk kwartet fan 4 kaarten foarmet mei-elkoar ek wer ien fan de ôfbyldingen út it boek. Der kin dus ek noch mei puzzele wurde.
It Letterfretter-kwartet is foar €9,95 te keap yn de Afûk winkel en websjop!
Wolst it boek ek noch keapje? Bestel dan no it boek tegearre mei it nije kwartetspul en krij koarting! It boek De Letterfretter plus it kwartet, foar de kombypriis fan € 26,50! No te keap yn de Afûk winkel en -websjop!
Skriuwster: Lida Dykstra
Yllustraties: Berber van den Brink
Foarmjouwing kwartet: Jelmer van der Meulen