Nij ferskynd by de Afûk: Omke Ûle sjocht stjerren

Boeken fan Fryslan Frije tiid
24 novimber 2023
By de Afûk is ferskynd: Omke Ûle sjocht stjerren fan Paul van Dijk. In waarm ferhaal oer freonskip en it neijeien fan dyn dreamen, foar bern fan 2 oant 6 jier.. Omke Ûle wol hiel graach nei de romte. Neefke Eppy wit wol rie, hy bout foar omke in raket. Mar de raket docht net wat omke wol. Krekt as alles mislearret, komt der help út ûnferwachte hoeke.

‘Omke Ûle sjocht stjerren’ is it twadde prachtige en kleurrike printeboek fan Paul van Dijk oer Omke Ûle en syn neefke Eppy. Yn 2020 ferskynde ‘Omke Ûle past op’.

Presintaasje:
Op sneintemiddei 26 novimber lêst Paul van Dijk foar út syn nije printeboek ‘Omke Ûle sjocht stjerren’. Plak fan dat feestlik barren is ‘Op de Hoek van de Stal’, Súd 154 yn Warkum.

Paul wurdt by it foarlêzen begelaat troch Jurjen Faber op gitaar. It earste eksimplaar sil oerlange wurde en fansels is it boek dy middeis ek te keap. It is mooglik om it boek sinjearje te litten, kinst op de foto mei Omke Ûle én der is in leuk nifelopdrachtsje te dwaan. De middei begjint om 14.00 oere en sil oant 15.00 oere duorje. Elkenien is fan herte wolkom!

Boekgegevens:
Omke Ûle sjocht stjerren
Auteur en yllustraasjes: Paul van Dijk
Utfiering: hurd kaft
ISBN: 978 949 3318182
Ferkeappriis: € 14,50
www.websjop.afuk.frl