Nij ferskynd by útjouwerij Afûk: ‘De letterfretter’ fan Lida Dykstra

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
2 febrewaris 2023
By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dit berneboek is Lida oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste Fryske wurden. De prachtige yllustraasjes binne fan Berber van den Brink.

De ‘letterfretter’ is in draakachtich bistje dat altyd en oerol op syk is nei letters. Hy is foaral sljocht op lûden (klinkers), sa as de Â, de OA en de EA. Fia de letterfretter learst boartsjendewei alle Fryske lûden. De letterfretter is foar elkenien (0-110 jier) mei niget oan taal.

Oer de auteur
Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Nederlânsk en it Frysk en hat in lange list fan prizen en nominaasjes yn de wacht sleept: yn 2022 wie sy nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon (Flaamske literatuerpriis) foar De schaduw van Toet en yn 2007 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften. Fan 2022-2023 wie Lida berneboek-ambassadeur yn Fryslân en hat yn dy funksje tal fan skoallen besocht en bern entûsjast makke om Frysk te lêzen, se wie ek aktyf as Schoolschrijver. Sy wit dan ek as gjin oar wat bern oansprekt en wêr’t se tsjin oanrinne by it lêzen. Mear ynformaasje oer Lida Dykstra kinne jo fine op lidadijkstra.nl.

Oer de yllustrator
Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is sy fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teatraal, mei humor. Mear ynformaasje fine jo op berbervandenbrink.nl.

Boekgegevens
De letterfretter
Auteur: Lida Dykstra
Yllustrator: Berber van den Brink
Utfiering: hurd kaft
ISBN: 978 949 3318007
Tal siden: 120
Ferkeappriis: € 18,99