Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
18 maart 2022
‘Helden’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân, RIXT en literêr tydskrift 'de Moanne'.

It gedicht ‘Helden’ is útsprutsen op de literêre middei ‘Optrede foar de frede’, opset troch dichterskollektyf RIXT, literêr tydskrift ‘de Moanne’ en Leeuwarden UNESCO City of Literature. Oarloch wie eat der’t beppes oer prate en pakes oer swije. Dat feroaret, lykas de ynterpretaasje fan ferhalen oer it ferline.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

***

Helden

Wêr wienen jo yn de oarloch?

Hoe faak hat se ferteld
oer de jûntsjes kaarten
militêren oan de doar
it lûk ûnder it hea.

Wêr wienen jo yn de oarloch?
We laitsje allegear
sa’n treflike imitaasje fan beppe
dy’t doe al minder waard
hilarysk.

De âlde geast krûpt
yn de nije tiid
sy stienen der, helden sûnder nammen
makken plak oan tafel foar
in libbenslang potsje skaak.

Wêr wienen jo yn de oarloch?
Oare beppe antwurde
‘No, gewoan, thús.’

Se hienen like âld west
beide noch famkes
in ferskil fan fyftich
bommen westliker.

De fraach komt werom
net sa maklik as it klonk
sa grappich net mear
wêr binne wy yn de oarloch?