Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
2 maaie 2022
‘Wjuklam' is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de misstannen dy't oan it ljocht kamen rûn it tv-programma 'The Voice of Holland' en de uterings fan Johan Derksen yn it tv-programma 'Vandaag Inside'.

Wjuklam

It plafon is wol echt
fan glês in touchscreen
mei in fette ôfdruk
op in befingere kamera-ikoan.

Better wie it bestikkere
sa’t de ambisjeuze wjukkelpyk
yn folle flecht net lamslacht
op transparânsje.

Leaver noch wie it fan hout
dat by eltse stap it hakketakjen
trochsjongt as de hege baas
in bakje kofje helje lit.

Eschertreppen derop
dûzeljende yllúzjefûgeltsjes
set de keamer op ‘e kop
oant draaien it swijen opslokt.

Triljend iepenet in kulkykje
de gong der’t nimmen yn doarde
it plafon leit oan diggels, sjoch
wjuklammen, de loft is blau.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.