Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân
Folle leaver
folle leaver ha ‘k
datst my rekkest mei in wurd
datst my skerp seist wêr’t it op stiet
datst de saak op ‘e spits driuwst
my straal de gek oanstekst
folle leaver
as datst
de nacht ynstapst en – ta spyt
fan alles en iderien –
dyself ferliest
yn in died
dy’tst noait wer
ynlûke kinst
Fansels is der ek in Nederlânske oersetting. Sjoch foar mear gedichten en ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân op www.dichterfanfryslan.nl.