Nij! It pake&beppe tydskrift!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
18 maart 2021
Ynstee fan it tydskrift ‘heit&mem’ is der no in ‘pake&beppe’ makke! Yn it blêd spesjaal foar pakes en beppes - mar fansels ek foar heiten en memmen - lêst û.o. oer it belang fan it trochjaan fan de Fryske taal troch de pakes en beppes, oer bern dy’t deselde hobby’s hawwe as harren pake of beppe, moaie foarlêsferhalen, de rol fan de pake en beppe yn dizze tiid, oer in libbenslange freonskip én der stiet in apart gedielte yn mei fragen foar pake en beppe dy’t se ynfolje kinne. Bygelyks fragen oer hoe’t it eartiids op skoalle wie, mei watfoar boartersguod pake of beppe boarte en wat se eartiids iten. Koartom stof genôch om mei de bern en bernsbern oer te praten.

Wolsto it blêd graach lêze? Fan moandei 22 maart ôf is it hjir online te bestellen. It blêd is fergees, betellest allinne de ferstjoerskosten. Ek kinst – ek fan 22 maart ôf – in eksimplaar ophelje by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. Foar de winkel stiet in rekje wêr’st it blêd fergees weipakke meist.

It tydskrift ‘pake&beppe’ ferskynt yn in oplaach fan 10.000 stiks op wurdt op in beheind oantal adressen rûnbrocht. De ‘pake&beppe’ is hjir ek online yn te sjen.

Hast fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de ‘pake&beppe’? Lit it ús witte fia ynfo@heitenmem.nl. Sjoch ek www.heitenmem.nl.