Nij: Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fljocht

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid
26 novimber 2020
Nij ferskynd by de Afûk: 'Myn grutte syk- en ûntdekboek - Fan alles wat rydt, fart of fljocht'. In prachtich, ryk yllustrearre kartonboek foar in hiel soad syk- en sjochwille. Witsto wat der allegear yn de stêd omrydt? En witsto de nammen fan de grutte masines op de buorkerij en it bouplak? Op de grutte sykplaten kinst fan alles ûntdekke en beneame, fan trekkers oant treinen en fan fytsen oant fleantugen. Super leuk kado foar Sinteklaas!

“Op elke bledside stiet in ferhaaltsje en kinne de bern sykje nei in tal plaatsjes dy’t ûnder it ferhaaltsje steane. Ek falt der op elke print safolle te besjen, dat de printen harren goed liene foar in petear. Sa freget Hidde him hieltiten ôf wat minsken op in print oan it dwaan binne en betinkt hy der dêrnei sels in ferhaal by. Dat moat dan nei it besjen/lêzen fan it boek fansels ek efkes neispile wurde mei syn eigen trekkers en ark. Mei dizze printen kinne wy dus noch wol efkes foarút, safolle falt der te besjen en te bepraten!” Lês hjir Marrit har folsleine resinsje.

‘Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fljocht’ is no te keap yn de boekhannel én maklik te bestellen yn ús websjop.