Nij by útjouwerij Afûk: Passys fan Josse de Haan
‘Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.’ – Josse de Haan
Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany – Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers.
Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. Ek syn foarige roman Frou mei mandoline op sofa waard yn 2015 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.
Passys is no te keap by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en yn de websjop fan de Afûk.