Nije app: It Grutte Foarlêsboek
In hippe heks, in geitsje mei in sikje, fiskje Geart en in famke fan elastyk… Komst se allegear tsjin yn de fernijde app fan It Grutte Foarlêsboek. De ferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes binne in seleksje fan dy út it échte grutte foarlêsboek diel I en diel II, beide suksesfolle boeken mei wurk fan ferskate Fryske skriuwers en yllustratoaren.
De app is fergees te downloaden yn de Google Playstore en de Appstore.