Nije Fryske songs jouwe it Frysk takomst
Der binne Fryske oersettings fan bekende hits makke. Sa presintearre Coby Jellema de Fryske fersy ‘Brêge oer troebel wetter’ en Hilda Pel ‘Sis my dat it net sa is’. De Fryske songs binne op de yn Neushoorn presintearre CD byinoar brocht. De nûmers binne nei it optreden yn Neushoorn ek te hearren op SJONG IT! – YouTube. Anouk Veenstra fan Sjong IT: “Ik bin echt grutsk op it entûsjasme wêrmei’t dit troch in groep Frysktalige, mar ek net-Frysktalige minsken delset is. Troch mei de Fryske taal te boartsjen, dy te sjongen, jouwe wy sa úteinlik sels de Fryske taal mear takomst.”
Noch twa oare ideeën
Neist it snein presintearre idee fan SJONG IT! krigen twa oare ideeën op it digitaal partisipaasjeplatfoarm de stipe fan it Fryske publyk. Sa gie de Hûnekop oan ‘e slach mei it produsearjen fan fiif Frysktalige ôfleveringen fan Buurman en Buurman (Ferdivedaasje TV – YouTube) en produsearre Semko in biblioteek fan Fryske ferhalen, de Ferhalebank (Ferhalebank – Sjonge en ferhalen). Elk fan dy ideeën waard mei finansjele stipe fan de provinsje (op syn meast 15.000 euro) troch de ynwenners sels útfierd.
Stim fan Fryslân
It twatalige digitaal partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân is yn maart fan dit jier op fersyk fan Provinsjale Steaten as pilot lansearre. Op it online platfoarm wurde ynwenners digitaal by plannen en belied fan de provinsje Fryslân en oare Fryske oerheden behelle. Neist in oprop oer de takomst fan de Fryske taal koene minsken ek yn diskusje gean oer de boustiennen fan it Deltaplan foar Noardlik Nederlân, dêr’t de Lelyline ek in ûnderdiel fan is.
Projekt Stim fan Fryslân ôfsletten
Mei de presintaasje fan de CD fan it projekt fan SJONG IT! is de pilot fan it digitale partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân ôfsletten. Yn jannewaris sille Provinsjale Steaten beslute oer it ferfolch fan it platfoarm Stim fan Fryslân.