Nije Fryske webside Tiidwurden.frl
De webside is in inisjatyf fan Henk Schaap út Smellingerlân. Hy wurdt holpen troch redaksjeleden Els Zijlstra-Zijlstra en Klaas Hoekstra. Hja hawwe jierren ûnderfining yn it Frysk ûnderwiis en drage de taal in waarm hert ta.
De side jout tagong ta tûzenen tiidwurden in it Frysk en it Nederlândsk. Se binne tagonklik en praktysk brûkber. Neist bûgingen en foarbylden fan tiidwurden toant de webside de moaiste peareltsjes fan Fryske taalkeunst, lykas skimerjûnje, grimelgrammelje, harsenskrabje, draakjefleane, ferdideldeintsje en noch folle mear.
Elkenien kin meihelpe de website folsleiner te meitsjen, troch noch ûntbrekkende tiidwurden yn te stjoeren. In moai foarbyld fan ‘mei-inoar, foarinoar’.
Sjoch op Tiidwurden.frl