Nije game ‘BabelAR’ – in spultsje foar elke klasse
De game
Yn de Augmented Reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. Se hawwe harren taal/talen en taalkennis nedich om it wêzentsje Babel te helpen, dat al syn taalkennis kwyt rekke is. It spultsje kin yn fjirtjin talen spile wurde ─ ek yn it Frysk en it Nederlânsk ─ en learlingen wurde útdage om allegearre talen te ûntdekken. Babel nimt net allinne de learlingen mei op in tale-aventoer, mar ek nei trije wrâlden yn Augmented Reality. Yn ien sa’n wrâld rint in swarm bisten oer de flier fan it klasselokaal of bûten op it skoalplein. Learlingen dy’t de game al spile hawwe wiene tige entûsjast.
Op de projektwebside www.virtulapp.eu is mear ynformaasje te finen oer de game en foar learkrêften hoe’t de game yn in lesplan past.
VirtuLApp
BabelAR is in game ûntwikkele troch VirtuLApp (Virtual Language App). Dat is in trijejierrich Erasmus+ projekt dat Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) koördinearret. Projektpartners binne ATiT (België), LUCA School of Arts (België), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco/Euskal Herriko Unibertsitatea (Spanje).