Nije iepeningstiden foar de Afûk-winkel yn 2024

Frije tiid
21 desimber 2023
Mei yngong fan 3 jannewaris 2024 hat de Afûk Fryske boek- en kadowinkel nije iepeningstiden! Yn 2024 is de winkel iepen fan tiisdei oant en mei freed, fan 10.00 - 17.00 oere.

En yn ferbân mei de feestdagen, binne der ek de kommende wiken oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel. It giet ombeide krystdagen, moandei 1 jannewaris en tiisdei 2 jannewaris.

Us winkel is ticht op:
Moandei 25 en tiisdei 26 desimber: beide Krystdagen.
Moandei 1 jannewaris 2024: Nijjiersdei.
Tiisdei 2 jannewaris 2024: Teldei.  Dan is de winkel ticht yn ferbân mei it tellen fan de foarried (balânsjen).

Op woandei 3 jannewaris steane wy wer fan 10.00 oere ôf foar dy klear!
Tink derom: wy hawwe dus mei yngong fan 3 jannewaris 2024 nije iepeningstiden! Alle wiken is de winkel iepen fan tiisdei oant en mei freed, fan 10.00 oant 17.00 oere.

Winkelje yn ús websjop kin lykwols altyd, ek as de winkel ticht is. Gean nei websjop.afuk.frl. Wolst wat freegje of in oar berjocht oan ús kwyt? Sprek wat yn op de voice-mail fia 058-2343070 of stjoer in berjocht oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.