Nije ôfspraken foar fuortsterkjen Fryske taal en kultuer
Yn dizze BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby krijt ûnder oare it Fryske ûnderwiis in ympuls. Ek stelt it Ryk jild beskikber foar it oanstellen fan meartalichheidskoördinatoaren by Fryske gemeenten. Minister Hugo de Jonge: “Taal is overal, iedere dag. En dan is het fijn als dat de taal is die het dichtst bij je staat, in welke regio je ook woont. Want taal is onlosmakelijk verbonden met wie je bent. Voor veel Friezen is dat het Fries. Daarom is het belangrijk dat we het gebruik van deze taal beschermen en versterken. Met deze nieuwe Bestjoersôfspraak leggen we de lat hiervoor flink hoger.”
Fiif prioriteiten
It Ryk en de provinsje meitsje al langer sokke bestjoersôfspraken. Dat is fêstlein yn de Wet gebrûk Fryske taal, dêr’t yn stiet dat sy tegearre de soarchplicht hawwe foar de Fryske taal en kultuer. Binnen de nije ôfspraken foar de perioade 2024-2028 binne fiif prioriteiten oanwiisd: sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, digitalisearring fan it Frysk, Frysk yn it ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht tusken generaasjes en desintraal taalbelied.
Deputearre Eke Folkerts: “Frysk is de taal fan it hert fan in hiel soad Friezen. Mei de ôfspraken dy’t wy no mei it Ryk makke hawwe, kinne wy it brûken fan it Frysk fierder fersterkje. It Frysk fertsjinnet oeral in lykweardich plak. Net allinnich thús, op skoalle of yn kontakt mei oerheidsynstânsjes, mar ek yn de online wrâld en yn alle foarmen fan kultuer. Tink oan bygelyks iepenloftspullen, muzyk en literatuer, likegoed as films, booktoks en podcasts. Ik sjoch út nei de earste Frysktalige krimy op nasjonale telefyzje of by in ynternasjonale streamingstsjinst.”
Omtinken foar it ûnderwiis
In wichtich part fan de ôfspraken giet oer it Frysk yn it ûnderwiis. Der wurde bygelyks ferskate stimulearringsmaatregels nommen om te soargjen foar mear leararen Fryske taal en kultuer yn it basis-, fuortset en ferfolchûnderwiis. Dêrneist binne der middels frijmakke om in bachelor Frysk en in minor Frysktalige sjoernalistyk op te setten en foar it optimalisearjen fan it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Fierder wurdt der yn de rintiid fan de nije BFTK in praktoraat Frysk oprjochte om de posysje fan it Frysk yn it mbû te ferankerjen. It praktoraat docht ûndersyk nei de Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst en ûntwerpt taalûnderwiis dat oanslút op de meartalige beropspraktyk yn Fryslân. De ûndertekening fan de ôfspraken wie dêrom by ROC Firda. Minister De Jonge: “Jongeren zijn de toekomst. En zij spelen dus ook een belangrijke rol bij het behoud van de Friese identiteit. Wat de studenten hier leren nemen ze straks mee in hun werk als beveiliger of verzorgende. Juist in die functies is het heel belangrijk mensen in hun eigen taal te kunnen aanspreken.”
Tapassing fan it Frysk
Fierder is der ôfsprutsen meartalichheidskoördinatoaren oan te stellen yn Fryske gemeenten. Sy kinne stipe jaan by it brûken en fuortsterkjen fan it Frysk yn alle fasetten fan it gemeentebelied. Bygelyks troch ferbiningen te lizzen mei organisaasjes op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en it sosjale domein. Deputearre Folkerts: “Dat der no budzjet frijmakke is om gemeenten te stypjen by dizze wichtige taak fyn ik in boppeslach. Dêrmei meitsje wy de Fryske taal noch sichtberder en fasilitearje wy it Frysk noch mear foar ús ynwenners.”