Nije twatalige dichtbondel “Ynbêde / Ingebed” fan Tsead Bruinja

Boeken fan Fryslan Frije tiid
18 maart 2022
De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút.

De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy’t yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa’t de libbensreis begûn op Kurasao dy’t fia Suriname nei Nederlân late dêr’t se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy’t se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe.

Boekgegevens
Ynbêde / Ingebed
Auteur: Tsead Bruinja
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 315 979 2
Tal siden: 80
Ferkeappriis: € 22,50
www.websjop.afuk.frl

Skuorre- en Tsjerketoer Tsead Bruinja en ZEA fan 25 maart oant 25 juny
Op 25 maart start, yn De Vijfpoort yn Formearum (Skylge), de mienskiplike toer fan Tsead Bruinja en Arnold de Boer – ZEA troch Fryslân en Amsterdam. Op harren toer presintearje beide makkers nij wurk. ZEA spilet muzyk fan syn nije album Witst noch dat d’r neat wie en Tsead Bruinja draacht wurk foar út Ynbêde / Ingebed.  Dêrneist bringe De Boer en Bruinja by de toer, dy’t lâns 15 ferskillende pittoreske tsjerkjes, poadia en in skuorre fiert, tegearre wurk op it poadium. Sjoch foar mear ynformaasje ek https://www.explore-the-north.nl.