Nije workshops ‘Taalpsychology’ rûnom yn Fryslân
Taal. Brûkst it alle dagen mar stiest der net sa faak by stil. Wat betsjut taal eins foar dy? Wannear brûksto hokker taal? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en -gewoantes’? Meld dy dan oan foar de workshop ‘Psychology fan dyn Taal’! Nijsgjirrich én leuk foar elkenien; júst ék foar dyjingen dy’t (noch) net sa hiel bewust mei taal dwaande binne.
De workshop ‘Psychology fan dyn taal’ biedt ynsjoch yn ‘taalgedrach en –gewoantes’ fan minsken yn it algemien en jout dy hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach. Net omdat it moat, mar omdat it hiel nijsgjirrich is. Fleurich, mei ynhâld en foar elkenien te folgjen. Enne, dielname is fergees!
Doch mei oan de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ op ien fan ûndersteande data en plakken yn 2024:
Ljouwert: moandei 12 febrewaris om 19.30 oere,
Bûtenpost: woansdei 28 febrewaris om 19.30 oere
Frjentsjer: sneon 2 maart om 9.30 oere
Snits: moandei 4 maart om 19.30 oere
Balk: woansdei 6 maart om 19.30 oere
It Hearrenfean: tongersdei 7 maart om 13.30 oere
Drachten: tongersdei 14 maart om 13.30 oere
Boalsert: sneon 23 maart om 9.30 oere
Opjaan foar ien fan de workshops dochst fia: opjaan@afuk.frl. Graach dêrby fermelde: dyn namme, wenplak, telefoannûmer en fansels de datum en it plak fan de workshop dy’tsto folgje wolst.
Sjoch ek op www.praatmarfrysk.nl foar mear ynformaasje.
En/of lês dit ynterview mei Sabine út Damwâld dy’t de workshop folge hat en wat dat mei har dien hat.