No ek Fryske digitale printeboeken yn Bereslim!

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
23 oktober 2023
Bereslim is dé oanbieder fan digitale printeboeken en pedagogysk ferantwurde kompjûterspullen foar jonge bern. It wurdt brûkt op skoallen en by berneopfangorganisaasjes, logopedisten en biblioteken. Mei de digitale printeboeken wurdt de taalûntwikkeling fan bern fan 2 oantemei 8 jier oantoanber stimulearre. En dat kin no ek yn it Frysk!

Twa fan de BereslimmeBoeken binne ek yn it Frysk ferskynd: Hasto Oaljefant sjoen? fan David Barrow en Timen op ’e tegels fan Tjibbe Veldkamp. In unike gearwurking tusken de Afûk en Bereslim. Dizze prachtige boeken binne ek as ‘papieren’ boek te krijen. Mei de digitale ferzje as oanfolling komt it ferhaal ta libben en krije bern in ekstra taalympuls.

Ast lid bist fan de biblioteek (bern kinne fergees lid wurde!) kinst thús ynlogge op Bereslim.nl mei dyn biblioteekpas. Sa binne de digitale printeboeken ek thús te lêzen en te besjen! Sjoch foar mear ynformaasje op https://www.bereslim.nl/friese-bereslimmeboeken/.