Foto: thússide www.simkekloosterman.frl

Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2022 bekend

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
4 maart 2022
Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022 Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken - wêrfan mar leafst fjouwer titels útjeften binne fan útjouwerij Afûk - nominearre foar de priis.

De nominearre titels binne:

In nuvere nacht – Anne-Goaitske Breteler. Drukkerij Douma, 2020
Nijsgjirrich gegeven: Lyske fan 10 treedt op yn in fotosessy foar Rembrandt syn Nachtwacht.  Nachts komt se hommels yn it jier 1641 telâne. Dêr giet se mei in famke fan har leeftyd mei, dat help is yn in tige rike húshâlding. Tegearre belibje se fan alles en fernimt Lyske dat it net altyd like aardich wie yn dy Gouden Iuw. Dit spannende ferhaal is as troch in betûfte skilder yn in pear halen delset. It nimt de lêzer fan de earste side ôf mei.

It deiboek – Janny van der Molen. Afûk, 2019
Twa ferhalen yn ien boek, dy’t úteinlik hiel moai by-inoar komme. Geartsje Kleefstra is in jonge faam yn Reduzum dy’t har hielendal ynset foar it sosjalisme en troch it hiele lân te sprekken giet. Niels is in jonge út Hollân dy’t nei Boazert ferhuzet as mem, in befleine politika, dêr boargemaster wurdt. Op de basisskoalle moat er mei in klasgenoatsje in opdracht dwaan dy’t te krijen hat mei ferkiezingen en kiesrjocht.

It ferhaal fan Geartsje is yn it Frysk, dat fan Niels is Nederlânsktalich. It ferhaal fan Geartsje Kleefstra, de opkomst fan it sosjalisme yn Fryslân en de rol fan froulju dêryn wurdt troch Janny van der Molen flot en op in nijsgjirrige en ynspirearjende wize ferteld. Sy makket dêrby moaie ferbinings nei it hjoed en no, sadat ek dúdlik wurdt wat wy oan it krewearjen fan Geartsje te tankjen ha.

It neidiel fan ’e twivel – I.E. Bloem. Afûk, 2021
In roman yn de kategory Young Adult en dan beslist ek foar de âldere helte fan dy kategory. Bas sil op útwikseling nei Bergamo. Hy is stil, lit it efterste fan ’e tonge net sjen. Syn klasse- en reisgenoatsje Vera is krekt oarsom, in populêr en opportunistyske jonge frou yn wurding. Yn Bergamo sille se nei skoalle, mar dan brekt de koroana-pandemy út. De problemen fan Bas, de problemen fan it Italjaanske famke Julia dêr’t er slim fereale op wurdt, komme allegearre yn in skerp ljocht te stean as de regio op slot giet en Vera en Bas nei hûs moatte. Yn dit aktuele, skerpe, ferrassende en yntrigearjende ferhaal bliuwt lang yn ’e midden wat der no krekt te rêden is. En sels oan de ein bliuwe der noch fragen oer, want, hoe soe it no fierder gean? I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy’t er wol en net sjen lit. In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer.

Jesse – Mindert Wijnstra. Afûk, 2020
As syn heit oppakt wurdt, ferhúzet Joshua Timmerman mei syn mem út Ljouwert wei nei pake, op in lyts pleatske oan de seedyk. Tenei hjit Joshua Jesse Holwerda.

It boek Jesse nimt je mei, is spannend en betiden oandwaanlik, sûnder bernich te wurden. Jesse is in libbene en eigensinnige haadfiguer dy’t net altyd docht wat je hoopje as ferwachtsje. It byld dat sketst wurdt fan de kristlike skoalle dêr’t Jesse/Joshua tenei hinne moat, liket wat stereotyp, sa wurket it dochs net mear, soenen je tinke. De striid fan in jonge dy’t al syn fêstichheid yn ien klap ûnder him wei fallen fielt en dêr’t út goeder bêst grutte minsken de besluten foar nimme sûnder har ôf te freegjen wat it bern wol, is hiel goed fielber.

Wurden fan Timo – Tialda Hoogeveen. Afûk, 2020
Nanne har broer Timo krijt in ûngelok en komt te ferstjerren. Se sitte beide op de middelbere skoalle, Timo yn it eksamenjier. Har fertriet, har argewaasje, har fragen, har ûnmacht tsjinoer alles en elkenien, de skym fan Timo dy’t har nei syn dea beselskippet, it hiele rouproses wurdt troch Tialda Hoogeveen yngeand en beskreaun sûnder dêrby de balâns te ferliezen. Net te rou, net te glêd. In ferhaal dat je bot rekket.

Op 20 maaie 2022 om 15:00 oere sil de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis as fanâlds plakfine yn de Petrustsjerke yn Twizel. De priiswinner wurdt healwei maart bekendmakke.

Mear witte oer Simke Kloosterman en de Simke Kloostermanpriis? Sjoch simkekloosterman.frl.