Foto: Elske Roorda, Afûk

Nûgje de Berneboeke-ambassadeur no út op jim skoalle!

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
22 maart 2021
Hat se al by jim op skoalle west? De Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân? Sûnt 1 jannewaris 2020 is skriuwster Lida Dykstra de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Ofrûne jier is sy al by in hiel soad skoallen op besite west en dit jier kin dat fansels wer. Sterker noch, oant de simmerfakânsje hat de Berneboeke-ambassadeur noch reedlik wat romte foar jim. Sa’n besite is hielendal fergees en oanmelding dêrfoar is no mooglik.

Lida set har as Berneboeke-ambassadeur yn om lês- en boekewille ûnder bern te fersprieden. Dêrfoar bringt sy Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht. As ien fan har aktiviteiten kin sy by jim op skoalle lânskomme om yn de groepen 1 o/m 8 Fryske berneboeken foar te lêzen, dêroer te fertellen en fragen te beäntwurdzjen. Sy kin ek in lytse wurkwinkel (workshop) jaan, wêrby’t de learlingen sels mei kreatyf skriuwen oan ’e slach geane.

As ekstra aktiviteit hat Lida Dykstra in Lêskoffer mei tsien berneboeken gearstald. Dy boeken steane sintraal by har besite. De koffer mei dy tsien boeken is te keap. As jim de lêskoffer oanskaffe, nimt de Berneboeke-ambassadeur dy fuortendaliks mei nei jim skoalle.

Entûsjast? Oanmelde kin no fia berneboekeambassadeur.frl/opjaan. Sadree’t it oanmeldformulier by ús binnenkomt, wurdt kontakt mei jim opnommen troch Lida Dykstra sels om in eksakte datum en tiid te plannen en it programma troch te praten.

Foar fierdere fragen kinne jim kontakt opnimme mei Ida Heddema fan de Afûk fia ida.heddema@afuk.frl of 058 – 2343086. Mear ynformaasje fynst hjir.