Nyk de Vries komt mei solo-album
Op freed 7 juny presintearret skriuwer/muzikant Nyk de Vries syn earste solo-album ‘Hoefolle wurden/Hoeveel woorden‘ by Omrop Fryslân. Yn it programma Noardewyn Live fan Willem ‘Wâldpyk’ de Vries sil er in tal nûmers derfan útfiere, tegearre mei gitarist Fokke van der Veen en bassist Geart Postma, mei wa’t er earder spile yn de groep The Amp.
De âld-Dichter fan Fryslân (2019-2021) is in literêr performer by útstek. In protte minsken sille him alris optreden sjoen hawwe, fan Lowlands oant Oerol. Foar it earst komt syn miks fan tekst en muzyk no út as muzykalbum. It befettet parlando-nûmers, mar ek echte popferskes, lykas de earste single ‘Us Auke ‘. In protte teksten binne autobiografysk, lykas dy oer syn âlden (‘Spikers’, ‘Ûnwis’), syn middelbere skoaljierren yn Bûtenpost (‘Hamster’) en syn freonen (‘Meindert’).
It album befettet sawol Fryske as Nederlânske nûmers. It is fan tiisdei 4 juny ôf te bekommen fia streamingtsjinsten lykas Spotify en Apple Music. It album is ek te krijen fia audioplatfoarms lykas Storytel, Nextory etc.
Mear ynfo fia www.nykdev.nl
‘Hoefolle wurden’ yn Noardewyn Live:
Utstjoering radio: freed 7 juny, 18.00-19.00 oere
Utstjoering televyzje: sneon 8 juny, 21.00-22.00 oere