Nyk de Vries skriuwt Grut Frysk Diktee 2020
It diktee is dit jier live te folgjen fia de livestream op de website www.fryskdiktee.nl. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.
Kwalifisearje
Wa’t meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee 2020 moat him yn it foar kwalifisearje. Dat kin troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee tusken 17 febrewaris en 16 maart op de website fan it Grut Frysk Diktee: www.fryskdiktee.nl. Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee foar it lêste nijs: https://www.facebook.com/fryskdiktee.
Lyts Frysk Diktee
Op 21 april nimme ek de bêste Fryskskriuwende skoalbern it tsjin inoar op yn de Steateseal. Middeis wurdt dêr it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Skriuwster fan ûnder oare It Deiboek, Janny van der Molen, skriuwt it bernediktee. De bern kinne harren fia de eigen skoalle kwalifisearje foar it diktee.
Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Centrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân.