Iepeningstiden Afûk-winkel fanwege feestdagen

Frije tiid
12 desimber 2023
Yn ferbân mei de feestdagen, binne der de kommende wiken oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel. It giet om tiisdei 19 desimber, beide krystdagen, moandei 1 jannewaris en tiisdei 2 jannewaris.

Us winkel giet wat earder ticht op:
Tiisdei 19 desimber, fan 15:30 oere ôf ticht.
Dy middei slute wy mei de kollega’s it jier op ynformele wize ôf mei in hapke en in drankje. Dêrom binne ús winkel en kantoaren fan 15.30 oere ôf ticht.

Us winkel is ticht op:
Moandei 25 en tiisdei 26 desimber: beide Krystdagen.
Moandei 1 jannewaris 2024: Nijjiersdei.
Tiisdei 2 jannewaris 2024: Teldei.  Dan is de winkel ticht yn ferbân mei it tellen fan de foarried (balânsjen).

Winkelje yn ús websjop kin trouwens altyd, ek as de winkel ticht is. Gean nei websjop.afuk.frl. Wolst wat freegje of in oar berjocht oan ús kwyt? Sprek wat yn op de voice-mail fia 058-2343070 of stjoer in berjocht oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.