©Foto: Hoge Noorden / Jacob Van Essen

Oanpaste iepeningstiden Afûk-winkel

Boeken fan Fryslan Frije tiid
15 maaie 2023
Yn ferbân mei in tal feestdagen, binne der de kommende twa wiken oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel. It giet om tongersdei 18, woansdei 24 en moandei 29 maaie.

Us winkel is ticht op:
Tongersdei 18 maaie, Himelfeartsdei, hiele dei ticht.
Op woansdei 24 maaie is ús winkel fan 15:00 oere ôf ticht. Dan fiere wy it jubileum 95 jier Afûk.
Moandei 29 maaie, 2e Pinksterdei, hiele dei ticht.

Winkelje yn ús websjop kin trouwens altyd, ek at de winkel ticht is. Gean nei websjop.afuk.frl. Wolst wat freegje of in oar berjocht oan ús kwyt? Sprek wat yn op de voice-mail fia 058-2343070 of stjoer in berjocht oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.