De measte Fryske bedriuwen en organisaasjes stean posityf foar it brûken fan it Frysk oer. It brûken fan de taal fan de klant fergruttet de klanttefredenheid, fersterket de identiteit as Frysk bedriuw en is in goede klantebiner. Gastfrij Frysk neame we dat. Mar hoe stimulearrest it brûken fan it Frysk no? Watfoar helpmiddels binne der beskikber? Hoe dogge oare bedriuwen dat en wat kinst dêrfan leare?
De Afûk jout advys en tinkt mei. Praat mar Frysk fersoarget bygelyks workshops, Fryske bedriuwsfideo’s en in stimmebank mar ek in kursus Frysk foar bygelyks meiwurkers organisearje wy graach. Sjoch ek by Op it wurk.