De wurksumheden by de Afûk binne yndield yn trije ôfdielingen: taalpromoasje, taaloerdracht en kultuerpromoasje. Dy trije pylders steane lykwols net elk op himsels. Dêr’t dat moat of mooglik is, sykje wy ferbiningen. Net allinne yntern mar ek ekstern mei oare organisaasjes yn Fryslân en dêrbûten.

Taalpromoasje
Mei taalpromoasje rjochtet de Afûk him op in brede doelgroep. Fan jonge âlders oant oerheden, fan âldereinsoarch oant de mbû-studint. Doel is om it taalbewustwêzen fan bewenners, bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân te fergrutsjen. De ‘Praat mar Frysk’-kampanje (mei in tútsje fan Doutzen), Frysk by de oerheid, Frysk yn ’e soarch, heit&mem, it Taalkado en Tomke binne foarbylden fan suksesfolle kampanjes dy’t de Afûk ûntwikkele hat. Se drage by oan in positive hâlding foar it Frysk oer, helpe om de taal sichtberder te meitsjen en stimulearje it brûken fan it Frysk yn alderhande (deistige) situaasjes. Mei troch it kulturele haadstêdjier en ús aktiviteiten yn it ramt fan Lân fan Taal is de Afûk net allinne yn Fryslân en Nederlân in ambassadeur foar de Fryske taal, mar ek yn it bûtenlân.

Taaloerdracht
Njonken in breed kursusoanbod foar folwoeksenen yn de hiele provinsje, fersoarget de Afûk ek kursussen, trainingen en workshops foar de saaklike merk. Fierder ûntwikkelje wy moaie, tagonklike en moderne metoaden foar it ûnderwiis en nij lesmateriaal dat de learlingen útdaget. Sa wurde de Fryske lessen de leukste oeren fan de wike. Yn gearwurking mei de Fryske ROC’s ûntwikkelje wy kardielen Frysk foar it mbû. Studinten leare sa bygelyks ek wat de wearde fan taal is foar de lettere beropspraktyk.

Kultueroerdracht
Wy fine dat it Frysk net allinne sprutsen wurde moat, mar ek lêzen en skreaun. De útjouwerij fan de Afûk jout boeken út yn alle sjenres en foar alle leeftiden. Yn it Frysk, oer it Frysk, oer Fryslân. Wy fertelle ferhalen yn wurd en byld. Yn ús spesjalisearre boek- en kadowinkel binne alle útjeften fan alle Fryske útjouwers te keap, mar ek aardige kadootsjes dy’t in leuke link mei Fryslân hawwe. Mei promoasjekampanjes en -aksjes, lykas bygelyks Boeken fan Fryslân, Dichter fan Fryslân, sutelaksjes, de Berneboekeambassadeur en it sykjen nei alternative foarmen fan boekferkeap, bringe wy taal en ferhalen by de minsken.