Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harrensels yn de aventoeren; se reagearje op wat se sjogge en hearre. Sa wurdt lêzen mear!
It Tomke-projekt is in inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân. Yn 1997 ferskynde it earste boekje fan Tomke. Sûnt dy tiid soargje in tal Fryske organisaasjes foar de koördinaasje fan alle de aktiviteiten om Tomke hinne. Troch de jierren hinne is it Tomke-projekt útgroeid ta in kompleet programma mei û.o. foarlêsboeken, telefyzjeútstjoerings, edukative materialen, hânpoppen en in app. Mear ynformaasje oer it Tomke-projekt fynst op www.tomke.frl.