Netwurken
De Afûk is ynteressearre yn ynternasjonale gearwurking en is in betroubere projektpartner. De Afûk wurket op dit stuit gear me of is lid fan:
Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
It Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) is in Europeesk netwurk dat wurket op it mêd fan taalbelied en planning foar konstitusjonele, regionale en lytse steatstalen (CRSS) yn hiel Europa. Sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en taalorganisaasjes binne lid fan it NPLD.
It European Language Equality Network (ELEN) hat as doel de befoardering en beskerming fan Europeeske regionale en minderheidstalen (RML’s). De leden fan ELEN wurkje oan lykberjochtiging foar dy talen, en oan meartaligens, binnen it bredere ramt fan de rjochten fan de minsk, en is in stim foar de sprekkers fan dy talen op lokaal, regionaal, nasjonaal, Europeesk en ynternasjonaal nivo.
Projekten
2022-2025: Lit-Up (Creative Europe)
It doel fan Lit-Up is om ta nije strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt komme út Kataloanje, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.
It projekt rjochtet har op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennis- útwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen.
Der wurde der troch de ferskillende partners workshops en trainingen organisearre, bygelyks op it mêd fan boekpromoasje, bûtenlânske rjochten en it bouwen fan in netwurk. Dêrneist wurde der literêre eveneminten organisearre om alle partijen mei-inoar yn kontakt te bringen en om sjen te litten wat literatuer yn lytse talen allegear te bieden hat.
Sjoch ek: litup-project.eu
2022-2024: WikiWomen (Erasmus+)
WikiWomen bringt skoallen, Wikipedia-stichtingen en taalorganisaasjes yn minderheidstaalregio’s fan Europa byinoar om Wikipedia te brûken as in helpmiddel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te learen. Der binne te min Wikipedia-artikels oer froulju, en te min yn minderheidstalen. Learlingen wurde begelaat yn it dwaan fan ûndersyk nei ferneamde en bysûndere froulju dy’t noch net op Wikipedia stean en it skriuwen fan artikels oer dy froulju yn harren minderheidstalen. Sa krije se in bettere digitale en ûndersyksfeardigens en dêrby mear fertrouwen yn it brûken fan har minderheidstaal. Dêrneist drage se ek noch by oan de online oanwêzigens fan har taal.
De learlingen sille ek op útwikseling nei de ferskillende regio’s om sa ek fan inoar te learen en der wurdt in spesjale byienkomst foar de dosinten út de 3 regio’s organisearre yn Baskelân. De Afûk sil har neist de overall koördinaasje benammen dwaande hâlde mei it ûntwikkeljen fan lesmateriaal en ynstruksjes foar dosinten.
Partners: Afûk (lead-partner), Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Learning Hub Friesland, Wikimedia Ireland, Euskal Wikilarien Kultura Elkartea, Antigua-Luberri BHI, Coláiste Oiriall.
2019-2022: LISTEN (Erasmus+)
It behâlden fan in taal hinget fan in grut part ôf fan de minsken dy’t dy taal brûke. As in taal libje wol moat dy taal sa frij en sa faak mooglik brûkt wurde. By de sprekkers fan in minderheidstaal bart it faak dat de sprekkers in selssensurearjende hâlding oannimme en harren taal net brûke, mar oerskeakelje op de mearderheidstaal. Dat bart sels wannear’t de petearpartner de minderheidstaal hiel goed ferstean kin of sels ek prate kin.
Assertiviteit hâldt yn datst selsfersekere bist en betrouwen yn dysels hast sûnder agressyf te wêzen. It is in kwaliteit en in manier fan kommunisearjen dy’tst leare kinst. Wannear’t it tapast wurdt op talen betsjut dit dat minsken treend wurde om har yn har eigen taal út te drukken wylst se har rêstich en selsfersekere fiele, ek wannear’t se net wis binne oft harren petearpartner harren wol ferstean kin.
It LISTEN-projekt ûntwikkelet in metoade om sprekkers fan minderheidstalen te trainen om har taalhâlding en -gedrach oan te passen. It doel is dat de sprekker úteinlik minder spanning fielt en fol selsbetrouwen de minderheidstaal brûkt. Mei wat oefening, en de wil om it te besykjen, kin elkenien syn of har taalhâlding en -gedrach feroarje en de taal faker en yn mear situaasjes brûke.
Partners: Universitat de Valencia, ELEN, Conradh na Gaeilge, Consiglio Nazionale Delle Ricerche, IAITH: Welsk sintrum foar taalplanning, Universitatae Sapientia Din Municipiul Clujnapoca en Afûk.
Sjoch ek http://www.listen-europe.eu/.
2019-2021: European Charter Classroom Activities (NPLD)
Dit is in pilotprojekt dat rjochte is op it brûken en útfieren fan de “Classroom Activities on the European Charter for Regional and Minority Languages” dy’t yn febrewaris 2019 troch de Rie fan Europa publisearre binne. Dy aktiviteiten wurde as essinsjeel beskôge om de ynhâld fan it ECRML te presintearjen en te fersprieden op in leechdrompelige wize, foar in breed publyk, en yn it ûnderwiis, mei it doel om alle minderheidsmienskippen bewusten te meitsjen fan harren rjochten, de status fan harren taal en de mooglikheden dy’t it Hânfest sels biedt. It projekt bestiet út in útwikseling fan learlingen fan it fuortset ûnderwiis en it ûntwikkeljen fan edukatyf materiaal.
Dielnimmers: Provinsje Fryslân, ARLeF, University of Udine-CIRF, Xarxa Vives d’Universitats, Partium Christian University, Afûk. Het project wordt geleid door Comun-generaal de Fascia. S
Mear ynformaasje: https://thisismylanguage.eu/.