Ofskie fan ‘meester Thys’ mei oanbieding fan syn nijste boek
De earste eksimplaren waarden troch Wadman sels oanbean oan syn pakesizzers. As ferrassing krigen alle bern fan de Sevenaerskoalle yn Nijhoarne, dêr’t hy de ôfrûne acht jier direkteur wie, ek noch in eksimplaar – mei in persoanlik briefke fan meester Thys – fan syn nijste boek.
Jorrit en Philo begjinne in klup is fan hjoed ôf te keap yn de boekhannel en fansels fia ús websjop.