Oftraap Fryske Boekewike 2021 op telefyzje by Omrop Fryslân
Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek foar de Boekewike te skriuwen. Dat resultearre yn it prachtige en aktuele Lockdownleafde. It kadoboek is yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees te krijen is by de oankeap fan in boek. Mei de útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn ’e mjitte te kommen. De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westerkerk yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies.
Nationale Boekenweek yn de simmer
De Nationale Boekenweek wurdt yn ferbân mei koroana ferpleatst nei in momint yn de simmer. Ynstee dêrfan organisearret it CPNB yn de wike fan 6 oant en mei 14 maart ‘een week vol boeken: het voorwoord van de Boekenweek’ mei û.o. in grut literêr online programma en publyksaksjes om de boekhannels te stypjen. It Boekenweekgeschenk dat skreaun is troch Hanna Bervoets, ferskynt dan yn de simmer yn de échte Boekenweek as boekhannels en bibleteken wer iepen binne. Yn gearwurking mei it CPNB wurdt it nasjonale boekewikegeskink ek dit jier wer útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting. Dy Fryske edysje ferskynt tagelyk mei de Nederlânske útjefte.
Mear ynformaasje oer ‘het voorwoord van de Boekenweek’ en de Nationale Boekenweek fynst op www.cpnb.nl.