Praat mar Frysk giet gauris op 'e kofje by bedriuwen dy't it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 9 jannewaris binne we der wer!