Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Dat wie doe sa biedt in soad nijsgjirrige ferhalen, fideo’s, foto’s, muzyk en oare lûdsfragminten fan doe en freget omtinken foar it brûken fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Dat wie doe sa is nijsgjirrich foar âlderein en harren bern of bernsbern, mar ek foar profesjonals yn de soarch dy’t op syk binne nei materialen of ynspiraasje.