Opnij subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis
Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. In oanfraach yntsjinje kin fan 14 febrewaris 2022 oant en mei 15 novimber 2022. Der is € 275.000 foar de skoallen beskikber. Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. It maksimale subsydzjebedrach ferskilt nei ûnderwiissektor. Yn 2023 giet de regeling wer iepen.
Yn 2021 dienen 56 basisskoallen in subsydzje-oanfraach. Achttjin skoallen foar fuortset ûnderwiis dienen in oanfraach. Ek ien hbû-ynstelling die in oanfraach. Deputearre Sietske Poepjes: “De oanfragen fan ferline jier litte sjen dat der in ferlet is by de skoallen om te ynvestearjen yn it Frysk ûnderwiis. Dat is goed nijs. Ek dit jier sille de skoallen mei stipe fan de skoalstipers en stypjende organisaasjes fierder wurkje oan harren ambysjes foar it Frysk yn it ûnderwiis. De regeling soarget foar ekstra middels om de plannen út te fieren.”
Websjop Frysk ûnderwiismateriaal
In ûnderdiel fan de subsydzjeregeling is it oanfreegjen fan subsydzje foar ekstra lesmateriaal. Alle skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis krije mei de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF) in basisfergoeding foar Frysk ûnderwiismateriaal. Mei de regeling Frysk foar no en letter kin in skoalle oanfoljend en ferdjipjend materiaal bestelle. Fan ein febrewaris ôf is der in websjop beskikber foar al it Frysk ûnderwiismateriaal. Sa kinne skoallen op 1 plak ienfâldich lesmateriaal bestelle by de ferskate taal- en ûnderwiisynstellingen.
Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).
Mear ynformaasje oer de regeling is te finen op: https://www.fryslan.frl/fy/fryskfoarnoenletter.