Foto: FeRsefariaasje skriuwgroep 2019

Oprop! Skriuw in fers foar FeRstival

Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
4 maart 2022
Al jierren docht FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2022 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:
– Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier
– Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier
– Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 en 18 jier.

De groep Starters is de grutste, dêr ha wy ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Starters hâlde fan ienfâldige gedichten mei tema’s dy’t foar skoalgeande jongerein werkenber binne. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.
De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 6 maaie o.s. fia t.vanakker@cedin.nl. Cedin hopet wer in soad fersen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage!

Skriuwgroep FeRstival
Liket it jo wol wat om gedichten te skriuwen foar FeRstival, mar soene jo tidens it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Dan is it faaks in idee om oan te sluten by de Skriuwgroep FeRstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Arjan Hut oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. De gedichten wurde ynstjoerd nei Cedin en guon dêrfan wurde honorearre mei in plakje yn de nije bondel FeRsefariaasje. Dat smyt € 75,- it gedicht op.
Datums: 22 maart, 5 april, 19 april, 3 maaie (reservedatum: 26 april)
Tiid: 19.30 oere
Kosten: fergees
Lokaasje: Tresoar

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 15 maart by Arjan Hut, a.j.hut1976@kpnmail.nl.
De kursus wurdt fergees oanbean troch Cedin en Tresoar. Fan herten wolkom!