Foto: Istock

Oprop!

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
14 jannewaris 2021
Studintes Emma, Iris, Marta en Nova fan Universiteit Leiden / Leiden University ûndersykje foar harren stúdzje kulturele antropology hoe sterk de taal ferbûn is mei de Fryske mienskip en hoe’t dit yn ferbining stiet mei it gefoel fan identiteit. Dêr ha se in fragelist foar makke dy’t eltsenien dy’t yn Fryslân wennet of wenne hat, ynfolje kin. Dochsto mei?

Ynfoljen kostet sa’n fiif minuten fan dyn tiid en meidwaan is folslein anonym. De fragelist is te finen fia: http://bit.ly/FRYSLAN.