Optrede foar de frede
skriuwers, dichters en muzikanten
litte in artistyk tsjinlûd hearre
Skriuwers, dichters en muzikanten komme byinoar yn ytkafee De Basuin (achter it Ljouwerter stasjon) en foarmje in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei. De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne.
Elkenien is tige wolkom.
De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555.
It evenemint is meartalich.
It stiet dy frij om de taal fan dyn hert te brûken.
SNEIN 13 MAART
12.00 – 14.30 OERE
PLAK: YTKAFEE DE BASUIN
Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert