Organisearje ris in sutelaksje
Nije shirts foar it jeugdteam, dat moaie ynstrumint foar it korps, dat moaiere dekôr foar de toanielútfiering? De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De sutelaksje biedt sa de kâns om mei in lytse ynspanning (2, 3 oerkes sutelje) de klupkas te spekken.
Hoe wurket it?
Jou jim feriening op fia sutelaksje.nl. Dêrnei planne wy mei jim in datum. Jim soargje foar sutelders en kroaden, wy leverje fergees foldermateriaal en bringe de boeken. Jim sutelje en dêrnei stoarte wy 25% fan wat der ferkocht is yn jim klupkas! Enne, it is ek nochris hiel gesellich en leuk om te dwaan.
Mear witte of oanmelde?
Sjoch foar mear ynformaasje en oanmelden op www.sutelaksje.nl of nim direkt kontakt op mei de koördinator fan de sutelaksjes, Ferdinand de Jong: f.jong479@upcmail.nl of 06-23408605.
De sutelaksje is in projekt fan Boeken fan Fryslân.