Page Against the Machine yn de Prinsetún: telefoan út, boek oan!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 maaie 2023
Ljouwert UNESCO City of Literature docht sneon 27 maaie fan 13:00 oant 16:30 oere mei oan Page Against the Machine, in lêsevenemint yn Cities of Literature oer de hiele wrâld. Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature.

Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. It inisjatyf komt fan Norwich UNESCO City of Literature. Ek Iowa City (US), Slemani (Irak), Dunedin (Nij Seelân), Exeter (UK), Melbourne (Australië) en Tartu (Estlân) dogge mei.

Boeken op resept
Witst net krekt watst lêze wolst? De Culturele Apotheek is der ek wer by foar in boek op resept! Tusken 13:00 en 14:00 en 15:30 en 16:00 oere kinst by harren telâne. It boek dat sy dy foarskriuwe kinst fuort keapje by de boekwinkel van de Afûk, boekhannel Van der Velde, berneboekwinkel De Toverlantaarn of liene by Tresoar of dbieb.

Programma sneon 27 maaie
13:00-14:00 boeken op resept, De Culturele Apotheek
14:00-15:30 lêze
15:30-16:30 boeken op resept, De Culturele Apotheek
Lokaasje: Prinsetún, Ljouwert, nim de yngong neist it Historisch Centrum Leeuwarden
De tagong is fergees.

Programmearre troch Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Norwich UNESCO City of Literature en The Book Hive. Stipe troch it Cities of Literature-netwurk.