Podcast Boekekast kriget in ferfolch mei nije eksklusive ferhalen

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
6 novimber 2020
De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaunen spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Diskear binne it dus gjin passaazjes út besteande boeken, mar spesjaal skreaune ferhalen. De earste podcast mei in ferhaal fan Hilda Talsma stiet kommende sneon online. 

Alle wiken komt op sneon in nij literêr ferhaal online. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Piter Boersma, Geart Tigchelaar, Jetske Bilker, Jaap Krol, Lida Dijkstra en Thys Wadman. Sneon 7 novimber wurdt úteinset mei it ferhaal Old School fan Hilda Talsma. Oare ferhalen binne bygelyks It suske fan.. fan Thys Wadman en Hoe’t ik it fjildfirus skipe fan Lida Dykstra.

Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies giet mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.

Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei City of Literature, wolle ek mei dit twadde seizoen de Fryske literatuer ris op in oare wize ûnder de oandacht te bringen.

Boekekast
De earste Boekekast fan de nije rige komt sneon 7 novimber online op Omropfryslan.nl/boekekast, de Omrop-app en de bekende podcast-kanalen.