Podcast tip: Wy & Dy – oer identiteit en Fryslân
Hielke van Duuren: “De podcast Wy & Dy is in syktocht nei hoe’t identiteit wurket. Under oare de Fryske, mar eins alle lagen fan identiteit dy’t wy yn ús hawwe.”
Yn seis ôfleveringen giet hy wiidweidich yn petear mei ferskillende minsken:
• Joana Duarte is lektor meartaligens, komt út Portugal, sprekt acht talen én Frysk. Se fielt har wrâldboarger en set har yn foar ferskaat.
• Seye Herke Brinkman is bekend wurden as ien fan de blokkearfriezen. Hy hâldt net fan feroaring, foar him is it oersichtlik: alles wat Frysk is, hat by him in streekje foar.
• Flechte foar de oarloch yn Bosnië bedarre Mirka Antolovic as bern yn Nederlân. Se wurket no by anti-diskriminaasjeburo Tûmba en sit yn de ried fan Ljouwert Har ferhaal giet oer it achterlitten fan har bertegrûn en it ferbûn wêzen mei de Friezen.
• Teätermakker en sjongeres Tjits van der Wal lit yn har vlogs sjen hoe’t sy mei har man en bern libbet. Wat opfalt is de befleinens wêrmei’t se har bern yn it Frysk grutbringt.
• Telefyzjepresintator Harm Edens wennet parttime oan de Aldebiltdyk. Hy hat ek in bining mei Fryslân, mar mear as taskôger. In man dy’t oeral de humor fan ynsjocht – ek fan de Friezen.
• As lytse poppe is Marianne Klijnstra yn Sri Lanka adoptearre troch Fryske âlders. Wat bart der mei dyn identiteit, ast fan it begjin ôf oan yn in oare kultuer opgroeist? Fryslân hat har foarme, fertelt se.
Wy & Dy fynst yn de podcast ‘FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân’, fia de bekende podcastapps en op www.omropfryslan.nl/podcast. Dielen út de petearen binne ek op telefyzje te sjen, yn de FryslânDOK ‘De ûntdekking fan Fryslân‘.