Praat mar Frysk: oanmoedigingskampanje foar nije Fryskpraters fan start
Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak by it brûken fan de taal yn petearen mei tradisjonele sprekkers. “Nije sprekkers moatte in drompel oer”, seit Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk. “Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten.”
Mar njonken de taalkundige ûnwissichheid spilet ek de hâlding fan de memmetaalsprekkers, de tradisjonele sprekkers, in rol: “Memmetaalsprekkers ferbrekke har bygelyks gau en geane oer op it Nederlânsk.” Dat helpt nije taallearders net en wurket faak ek nochris hiel demotivearjend. De memmetaalsprekkers dêrfoaroer hawwe krekt it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de minderheidstaal (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy’t dat net of minder goed fersteane. “As minsken har dêr bewust fan binne, dan kinne se har gedrach feroarje”, seit Vellinga. De kampanje rjochtet him dêrom net allinnich op de nije Fryskpraters, mar benammen ek op de memmetaalsprekkers fan it Frysk.
De kampanje bestiet út in tal koarte fideo’s fan memmetaalsprekkers fan it Frysk en fan nije Fryskpraters: wat betsjut it Frysk foar harren? Wat fine se fan de nije taallearders, en oarsom: wat binne de erfaringen mei de memmetaalsprekkers? Alle fideo’s einigje mei in tip of oanmoediging. Dêrnjonken wurde minsken oproppen om sels ek in oanmoediging op te nimmen of te skriuwen foar alle minsken dy’t no Frysk oan it learen binne of besykje mear Frysk te praten, de nije Fryskpraters. Want: “In lytse oanmoediging, in komplimint en wat geduld wurde hiel bot op priis steld, benammen troch minsken dy’t it Frysk oan it learen binne. Kinst in taal allinnich mar leare ast dy faak om dy hinne hearst en brûke kinst. Dat is by in lytsere taal as it Frysk net altyd fanselssprekkend. Dêr hawwe wy inoar by nedich”, sa seit Ruth Kircher, sels in nije Fryskprater en ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy.
Nije Frysklearders binne in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk. Op it stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. Dat binne 150.000 minsken. In hiel grutte groep dus.
It projekt Nije Fryskpraters is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk/Praat mar Frysk.
Lês ek: Nije sprekkers fan it Frysk brûke de taal mar tige sporadysk – Omrop Fryslân