Premjêre nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Lok’

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
4 oktober 2021
Juster gie op Omrop Fryslân TV de sechde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze sechde poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Lok’, oer de kânseûngelikens yn it ûnderwiis.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier wurde der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV. Lês it gedicht (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) op www.dichterfanfryslan.nl en/of besjoch de fideo hjirûnder.

Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingels: David Colmer. Kamera en montaazje: Herman Zeilstra.