Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Spegel’
Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.
‘Spegel‘ is skreaun foar it projekt ‘Wjerspegelje’ fan Merk Fryslân en Leeuwarden City of Literature. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingelsk: David Colmer.