Projekt oer “European Charter Classroom Activities” út ein set

Leare & ûnderwiis Minority languages NPLD
21 novimber 2019
De "European Charter Classroom Activities" (ECCA) is in projekt dat  troch it NPLD honorearre is mei in finansjele bydrage. Comun General de Fascia (Province of Trento) is de leadpartner. It doel fan it projekt is om kennis te fersprieden oer de European Charter of Regional or Minority Languages (ECRML) troch it meitsjen fan ferskate lesmaterialen en útwikseling fan skoallen en learlingen. Troch dit projekt wurde dosinten, learlingen en taalorganisaasjes fan ferskillende Europeeske regio's  byinoar brocht. Sy sille meiinoar gearwurkje en harren ideeën útwikselje oer taaldiversiteit. De earste gearkomste fan it ECCA-projekt wie op 15 Novimber 2019 by it EU Liaison Office yn Brussel fan de Autonome Provinsje fan Trento. De Afûk stipept by it ûntwikkeljen fan de lesmaterialen en ûntslút it materiaal fia harren online learplatfoarm Edufysk.

7 partners dogge mei oan dit inisjatyf:

Comun General de Fascia, Provinsje Trento (IT),
Government of the Provinsje Fryslân (NL)
ARLeF, Autonome regio Friuli-Venezia Giulia (IT)
Partium Christian University, Oradea (RO)
Vives Universities Network, Regio Valencia (SP)
Afûk, Fryslân (NL)
University of Udine, Autonome Regio Friuli-Venezia Giulia (IT)

De Fryske skoallen dy’t oan dit projekt meidogge binne:

CSG Liudger, Burgum
Drachtster Lyceum, Drachten
CSG Bogerman, Balk